útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Friduwih Riemersma

 

Koartwei

Friduwih Riemersma is de skriuwer fan Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018, in esseebondel oer de keunstfijannige Fryske polityk, en fan Myn binêre koade (Fersen). Tegearre mei har libbensmaat Abe de Vries liedt se it ûnôfhinklike literêre tydskrift Fers2. Dêrneist is se oprjochter en redakteur fan indie-útjouwerij Grotesk. Se krige har bachelor of fine arts yn byldhouwen fan de Rietveldakademy en har master of science yn opfiedingsfilosofy fan de Universiteit van Amsterdam. Se is berne yn Loaijingea, neist it hôf; se is sljocht op goatyske teltsjes fol spûken. Jo kinne online by har delgean op Foarmfrij & Skoatfêst en Ars Legendi en fansels op Fers2.

Kwintessens

Tema’s yn it wurk—ek yn de abstrakte skulptueren—binne benammen empowerment en de mooglikheid fan minsken om ûnsensurearre har wêzen foarm te jaan. Kontrôle oer it eigen libben bestiet net yn ’e miskewrâld, mar namste swierder is de ideologyske driuw: keunst kin net sûnder kontekst, keunst is yn moarch en bonken polityk. Romances sil Riemersma net skriuwe: se leaut net oan maagdelikheid en se ferspijt ûnskuld.

Se brûkt libbensûnderfiningen foar stikken fiksje, likegoed as foar literêre teoryfoarming. Se skept essees, ferhalen, lyryk en alle tuskenfoarmen, mar wêr’t it om giet is it kreative tinken, it artistyk proses; net it produkt. Se skriuwt foar tydskriften, set—tegearre mei har mem; út it Frânsk—poëzy oer, lêst it wurk fan kollega’s en redigearret en kritisearret dat. Ambacht en perfeksjonearjen fan foarm en styl binne wichtich. Ferskûle yn har wurk fine jo klassike retoaryske stylmiddels en fersfoarmen.

Riemersma ûntkent in ferskil tusken proaza en poëzy (aardich foar Aristoteles & de boek­hannel). Har teksten binne in amalgaam fan bewustwêzensstreamen, ynspirearre troch Ali Smith, en Jon Fosse syn postmoderne toanielwurk en in kontekst fan myte, allegory, grinzen markearre troch wetter—havens—en ûnbekende hoarizons. Mar op syn bêst is it wurk neo-eksistinsjalistysk yn dat it alle natuerwittenskip bestriidt dy’t de minsklike geast gearfalle lit mei ûnbesiele stof en syn biningswetten; de titel Myn binêre koade ferwiist dêrnei. Eksistinsjele Angst efterfolget de minske abslút net: dy cocoon-t yn syn komfortsône.

Drama, en dêrby de capoeira dance op it Leidskeplein—it wurk is nea autobio; wol sels­meimakke—easket dat figueren dogge. Dat jout in taastbere tekstuer oan har wurden en dwaan. De écriture is frij fan gefoelsfokabulêr en ûnsichtbere aksje lykas tinken of drea­men. Dat skept in imagistyske identiteit. Fernijing makket gjin keunst, stelt Riemersma. Mar wylst de wrâld him oer it frouljusfraachstik yn de literatuer—swier ûnderwurdearre—bûcht in abstracto, bringt sy mei de ‘Bist al hast klear’-searje de seks yn ’e Fryske literatuer, út feministysk perspektyf wei.

Tagelyk giet se de barrikades op foar keunst: it libbene literêre skriuwen. Se hat in hekel oan de Fryske bewegers. As antynasjonalist—oansletten by de Guerilla Girls en Extinction Rebellion en stiper fan Antifa—griist se fan wy-sytinken en ‘Fryslân boppe’, mar fral kinne jo in keunstfoarm dy’t bestiet út lûden of tekens op papier net redusearje ta taal/striid. De personality cult dy’t om skriuwers hinne hinget hoecht se net. Se ûndertekenet lang net alles dat se skriuwt. Se skriuwt leafst online, sûnder betelmuorre, op in ûnôfhinklik medium. Want keunst is ús kollektive utopy.

Curriculum Vitae

Gjin beukerskoalle … klasse 1-2 op in folslein Fryske skoalle yn Gau mei heit foar de klasse … hellet in 11 foar tafels … yn klasse 3 yn Frjentsjer set master har by de famkes en krijt se gjin les mear … mar nimt mem har mei nei Hollân … gymnasium-β mei Latyn … mei yn alle 1e klassen Frysk wurk fan heit foarlêze, rekket fereale op Fergilius. Foargoed.

Twa jier Minerva-skilderjen, dosint-dichter Bartle Laverman stelt fêst “do bist gjin echte Fries” … fuort (om allergy foar ferve, papier ensf.) nei Rietveld-byldhouwen. Ien jier Pietrasanta, Itaalje om te hakken yn stien … selsstannich byldzjend keunstner te A’dam … organisaasje Iepen Atelierrûtes … bern & kostwinnerskip twinge ta omskoaljen, pedagogy/filosofy … moat by de dekaan komme om, sizze se, opfallend skriuwfermogen … berne- + klinyske psych, wat literatuerwittenskip en skriuwe.

Lokaal aktyf foar GroenLinks, aktivist by Een Ander Joods Geluid … wurk yn soarch + remedial teaching … kollumkontrakt by tydskrift Ensafh ynienen stilset: fertrek út de ivige kweekfiver, oprjochtsjen literêr tydskrift Fers2 (2015) en útjouwerij Grotesk (2016) foar eksperimintele literatuer, mei-oprjochter aksjeploech foar Frysk op skoalle Sis Tsiis (2017) … aktivisme tsjin Disneyfikaasje en foar frije keunst … skriuwt it alderearste Frysktalige gedicht oer abortus provocatus … makket de alderearste Frysktalige keunstpodcast.

Papieren publikaasjes

Opdrachten

Oars