tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

nijs

Ferskynt meikoarten:

Myn binêre koade

Friduwih Riemersma
Myn binêre koade. Fersen

Flechtige en unheimliche sênes tommelje foarby: ‘ús heit wy kinterje him hieltyd wer om syn ballast út te smarren hoewol’t syn perk al bol stiet oan ’e kopse ein.’ Yn ‘losse slanters’ docht in lumige skriuwer, dy’t ‘net mear nei hûs as in loyale postdo sil’ oan mem har ‘libbensferhaal’. De ‘post’ fol moard en leafde is bytiden maniakaal. Mar hieltyd ûntspinne de rigels har om de ûnearlikheid en seksleazens fan it deistich libben, in klacht dy’t brocht wurdt mei rûge niget: ‘ik it selsmakke fanke sprokkelje yn beide hemisfearen nei ferkearde helden ik bonsjoerje tankewol in geit de kliffen op fan jûdea’ …  Mear  Bestel

 


Krekt ferskynd!

Bûntskildere werklikheid

Antsje Swart
Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma

In portret fan de jonge keunstner, yn finjetten mei titels as ‘Ambysje’ en ‘Demokrasy’, sûnder ferblomkjen en beselskippe fan in ryk tinzelibben.

Se wie de frouljusfiguer yn syn ferhalen, syn ynspiraasje foar as er húslike foarfaltsjes fantasyfol opgniste yn in roman, syn klankboerd dy’t syn maten en de hiele famylje goed kende. Se swimele by syn jongfeinte-hofeardigens: hy wie de ‘god fan stront en jiske!’ En se werkende hoe briljant oft er wie, lang foar’t er in bekende skriuwer wie …  Mear  BestelParsepakket

 


Boekpresintaasje Dof fiolet is ’t west

útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Sjogge oaren deselde werklikheid as ik? As oaren har eigen werklikheid sjogge en net mines, hoe kin ik dan mei oaren prate? Kin ik wol yn kontakt komme mei de werklikheid bûten my? Dy wanhopige kwestjes fan ienlikens brocht Johan Andreas dèr Mouw ta de Upanishads, de âlde kennis dat de ynderlike wrâld en de ‘Umwelt’ ien binne. Sa sei Dèr Mouw-biograaf Lucien Custers op de boekpresintaasje fan Dof fiolet is ’t west yn Tresoar op 15 desimber, mei bûtendoar de krystmerk yn folle gong.

útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Dat sykjen nei hoe’t wy allegearre diel binne fan it Al brocht Dèr Mouw ek ta it dichtsjen. Fan syn fersen sette dichter Eppie Dam sechstjin sonnetten oer, ynsprirearre troch de krekt ferskynde biografy en de blomlêzing út Dèr Mouw syn wurk, dy’t fan ’t simmer in tamdem ferskynden.

útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Sintraal yn Dam syn seleksje fan sechstjin fersen stiet it finen fan ferbining tusken de tsjinstellingen yn it universum. It gewoane deistige en it esotearyske fier boppe ús, dat is allegearre ien en itselde. Lienke Boot droech foar:

Ferwyldre is ’t, hast plat, feal en fertutte,
sadat ik – ’k sjoch se noch – dy moaie grutten
yn de ferskronfelen amper herken
útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

De akkordeon is in ûnderwurdearre ynstrumint; mei syn ûneinige kleurskakearringen kin er lykas de minsklike stim alle fluktuearjende emoasjes oanreitsje. Akkordeonist-komponist Herman Peenstra is dêrom rjochte op it omsetten nei muzyk fan grutte literêre uteringen, mei de goede wurden om syn klanken yn te ankerjen. Peenstra sette trije ferfryske sonnetten oer yn lieten dy’t net sasear sfearysk of narratyf binne, as wol rjochte op it ynderlik proses fan muzyk. Minimal hast, mei werhellingen fan frazen en konsonant­harmony, as om de Brahman hinne, de universele werklikens dy’t yn de dingen is.

útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk
Yn ús salon, boppe ’t antyk buffet,
hong oan ’e muorre in prachtich portret,
fan in mem dy’t sliept; se sil wurch west ha;

en neist har lei in berntsje dea op bêd;
in ingel hong derbij; ’k wist net hoesa;
en droech it berntsje nei de himel ta.
útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

In ûnferwachte tajefte wie in fideo-opnamme fan foardrachten troch Eppie Dam sels. Om’t de sykte fan Huntington dat net talit lêst Dam net foar út eigen wurk foar it publyk. Mar wol foar de kamera, in oersetting fan Dèr Mouw en in eigen gedicht.

Ik, gjin Brahman, tink himels oer myn faam.
Ik doch yn hûs allinnich wat ik kin
en stroffelje oer wurden sa’t ik bin,
it maklik praten stadichoan benaam.

As jo net mear witte hoe stil te wêzen en te betinken hoe’t de ûnderfining yn it libben fan in oar wêze kin, dan is dat presys genôch.

Mei tank oan Lucien Custers, Herman Peenstra, Haye Bijlstra, Lienke Boot en Eppie Dam.

 Mear  Bestel

Besjoch hjir de foardracht troch Eppie Dam (Youtube)

 


Dof fiolet is ’t west

Dof fiolet is 't west. Utjouwerij Grotesk

Eppie Dam
Dof fiolet is ’t west. 16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw

In rige fan sechstjin sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw, ferfryske troch Eppie Dam, mei byldwurk fan Friduwih Riemersma.

Stel jo wennen yn de J.A. dèr Mouwstrjitte. Men heart dêr, nei de lêste trein, in klokje suver tinkeljen. Ut it easten komt de moanne op. Ut it westen waait ûnwissens. In wolk hinget ivich boppe de kleau tusken wrâld en himelfjoer. Sjoch, de sweltsjes fleane út de bocht. In griis bern pianospilet, wylst Brahman efterhûs om wiisheid siket.  Mear  Bestel

 


Brekizers fan de foarútgong
fan Philippus Breuker

Jo kinne amper tefolle beklamje al hoe’t yn de njoggentjinde ieu it artistyk oplibjen fan de Fryske taal ôfhong fan in pear tige tawijde auteurs. De negative hâlding foar uteringen yn it Frysk oer parearren hja mei Frysktalich proaza, orale en skreaune poëzij, lieten en toaniel en yn it algemien mei it oanmoedigjen fan it opnij libjen fan de artistike kreativiteit yn alle sjenres dy’t in echo wiene fan de Fryske taal en de doarpskultuer.

 


Brekizers fan de foarútgong: ‘the Brussels story’

Ferhalen fan serendipiteit, wat betsjut in ûnferwacht en lokkige fynst bûten in gewoane speurwurk, treffe jo oerfloedich oan yn ’e wittenskip. Fan de apel fan Newton oant de magnetron fan Spencer, omwille fan it mystearje lûkt it publyk mei alle wille de enoarme eftergrûnkennis, de ûntsjinkearber ûndersykjende geast, it kreative tinken fan de wittenskipper en syn saakkundich brûken fan de technology fan it risseltaat ôf—Eureka! Dit is it wiere ferhaal efter it ûndersyk nei Auke Ykema, neffens Philippus Breuker:

“Maaie ferliden jier kaam hjir in echtpear út Hollân oan it stekje om te freegjen oft ik wolris fan Auke Ykema heard hie …

 


Grotesk

De earste en iennichste útjouwerij foar Fryske eksperimintele literatuer en krityske essees.

Wat dogge wy?


“By al dy taal promoasje giet Fryslân noch ris kroandea.” E.B. Folkertsma